Twa ferwûnen by brân Nijlân

31 aug 2006 - 16:19

Yn Nijlân hat tongersdeitemoarn betiid brân west yn in wenhûs oan de Koarnleane. Twa minsken moasten nei it sikehûs yn Snits fanwege problemen mei it sykheljen. It giet om de bewenster (33) en in man (59) út IJmuiden.

De minsken hiene fergetten in kears yn de wenkeamer út te meitsjen. Dêrtroch wie de brân ûntstien. De brânwacht wie der frij rap by. De keamer rûn in protte reek- en wetterskea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)