Plak foar needwinkels Bilgaard

31 aug 2006 - 16:16

Undernimmers en de gemeente Ljouwert binne der hast oer út wêr't in tydlik winkelsintrum yn Bilgaard komme moat. In wike ferlyn baarnde dêr it winkelsintrum foar in grut part ôf.

Der leit no in konkreet plan foar in tydlik winkelsintrum. Dat soe komme moatte op in stik bougrûn tusken De Jokse en De Kei. Wenningkorporaasjes hawwe wol plannen mei dy grûn, mar de bou soe wachtsje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)