Oerlêst skoalpleinen Snits

31 aug 2006 - 14:51

Snits pakt de oerlêst op pleinen by basisskoallen oan. By de pleinen komme buordsjes mei wat wol en net mei. Op in pear plakken komt ekstra bûtenferljochting.

Benammen bûten skoaltiden wurdt op de skoalpleinen wol gauris wat fernield. It komt ek foar dat der wat bekladdere wurdt of bespuite mei graffiti. Snits nimt de oerlêst-maatregel yn oerlis mei de plysje en de skoallen sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)