Dokumintêre oer Rutger Hauer

30 aug 2006 - 17:06

Der wurdt in dokumintêre makke oer de akteur Rutger_Hauer. Regiseuze Simone_de_Vries folge de spiler twa jier lang mei tuskenskoften. Se makke ek opnames yn Hauer syn hûs yn Beetstersweach. De 62-jierrige akteur is berne yn Breukelen (Utrecht) en wenne yn syn jonge jierren ek yn Fryslân. De dokumintêre giet yn premjêre op it Filmfestival yn Utrecht. Hauer waard bekend troch syn rol as Floris. No is er in bekend Hollywoodakteur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)