Griente djoer troch krapte

30 aug 2006 - 11:04

Griente moat op dit stuit djoer betelle wurde yn de supermerk. Dat komt troch de lytse oanfier troch it minne waar fan de ôfrûne tiid. No binne de boulannen te wiet en earder wiene se te droech.

De grienteprizen yn de winkels lizze goed 10 prosint heger as oars. Yn guon gefallen moatte de winkels nee ferkeapje. De hege prizen wurde ek feroarsake trochdat de supermerken de griente no út it bûtenlân helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)