Minder geweld yn amateurfuotbal

30 aug 2006 - 09:55

It tal molestaasjes yn it amateurfuotbal yn it distrikt noard fan 'e KNVB nimt ôf. It ôfrûne seizoen wiene der 14 molestaasjes op 100.000 wedstriden. De KNVB is dêr tefreden oer. It tal staakte wedstriden fanwege ynsidinten wie it ôfrûne seizoen 149 en dat is mear as it jier dêrfoar.

De KNVB stribbet der nei om dit tal te ferleegjen troch foarljochting en it trainen fan de skiedsrjochters yn it tsjingean fan ynsidinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)