Foutparkearders yn Ballum
De gemeente Amelân sil stranger tafersjoch hâlde op foutparkearders yn Ballum. Sûnt de iepening fan in buortersplak oan de Camminghastrjitte ûnsteane der út en troch parkearproblemen. Der parkeare auto's yn de strjitte wylst dat ferbean is.
Der komme no buorden dy't toeristen en eilanners it paad wize nei in spesjaal parkearterrein. Minsken dy't foutparkeare, wurde bekeurd.