Pleats Arum ôfbaarnd

Yn Arum is in boerepleats oan de Van Camminghawei foar in grut diel ôfbaarnd. Mooglik is yn it middelste diel de wjerljocht ynslein. Buorlju seagen de brân en warskôgen de 65-jierrige bewenner. Yn de boerepleats stiene in auto, in boat en in pear meanmasines. It wendiel koe behâlden bliuwe. Troch de wyn wreide de brân him gau út. De brân wie dreech te bestriden. Gjinien rekke ferwûne by de brân.