Earste Ganafytsers jouwe op

29 aug 2006 - 15:53

Twa dielnimmers oan de fytstocht nei Gana ha nei fjouwer dagen besletten om dêrmei op te hâlden. It tempo yn de groep lei te folle útinoar omdat de dielnimmers om hiel ûngelikense fytsen ride. Boppedat wie it waar striemin mei in soad rein en hurde wyn.

De dielnimmers wiene neffens eigen sizzen fysyk goed taret, mar dochs foel de tocht geweldich ôf. Der binne no noch 18 dielnimmers oer. Dy komme as it goed is begjin desimber oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)