Rolstoelpaad Bakkefean iepen

29 aug 2006 - 15:31

Yn Bakkefean wurdt tiisdei in minder-faliden-paad offisjeel yn gebrûk nommen. Dat is in paad troch de Bakkefeanster Dunen dat geskikt is foar minsken mei rolstuollen of rollators. It ferhurde paad hat in lingte fan oardel kilometer en rint oer de besteande kuierrûte.

Om foar te kommen dat it paad winters ûnder wetter komt te stean, is it foar in diel ophege. Ek binne der bankjes delset en picknickplakken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)