Besite ôfbaarnd winkelsintrum

28 aug 2006 - 20:32

Moandei ha ûndernimmers fan winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert foar it earst it ôfbaarnde gebou yn west. Se mochten allinne even sjen en har winkel net yn, fanwege it gefaar.

Yntusken is de earste sloopfergunning ôfjûn. It giet earst om de sloop fan in part fan it sintrum. Benammen de oerkaping fan de passaazje moat der ôf, om't dy der troch hurde wyn ôfwaaie kin. Oan de súdkant sitte winkels dy't faaks noch brûkber binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)