Klubhûs Kimswert bekladde

Yn Kimswert is dit wykein ynbrutsen yn it klubhûs fan de iisklub. Op meardere plakken yn it gebou is graffity spuite. Ek is it útjeftelûk fernield. Der is neat stellen.
It is noch ûnbekend wa't de dieders binne. Wierskynlik ha dy in skoftke binnen sitten, want der binne lege blikjes fris fûn. Dy wiene wer stellen út it gebou fan de keatsferiening, efkes fierderop op it terrein by de iisbaan.