Chris Wassenaar kening yn Bitgum

28 aug 2006 - 15:54

It partoer fan Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar wûn snein yn Bitgum de Van Aismapartij. Sy hiene yn de finale gjin inkelde muoite mei Jan Dirk de Groot, André Kuipers en Auke van der Graaf. Yn 20 minuten waard it 5-0 en 6-6. Dat wie fral sneu foar de ôfskienimmende André Kuipers.

De tredde priis wie foar Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk. It partoer Johan van der Meulen gie der yn 'e earste list ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)