Broersma yn de lift

28 aug 2006 - 15:54

Transportbedriuw Broersma fan It Hearrenfean sit wer yn de lift, nei it fallissemint fan trije jier lyn. It memmebedriuw Bakkergroep hat besletten om Broersma it grutste part fan it ynternasjonale transport foar it bedriuw dwaan te litten.

De Bakkergroep groeit op it stuit tige. It bedriuw fersoarget it ferfier foar klanten lykas Unilever en Friesland Foods. Omdat dy ek hieltiten grutter wurde, groeit Broersma mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)