Bilgaard: needfûnsen oansprekke

Undernimmers fan de heal ôfbaarnde Bilgaardpassaazje yn Ljouwert dogge in berop op needfûnsen foar herbou fan it winkelsintrum. As it fersekeringsjild net genôch is, dan hopet Copini fan de ûndernimmersferiening op stipe fan needfûnsen, gemeente of de wenningbouferiening.
Moandei meie de ûndernimmers foar it earst nei de brân fan tongersdei har winkel besjen. Fersekeringsaginten kinne dan de skea opnimme.