Regels beammekap Gaasterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Gaasterlân-Sleat wol dochs dat der regels binne foar it kapjen fan beammen binnen de beboude kom. De gemeenteried fûn earst dat der foar it kapjen gjin fergunning mear nedich wie. Probleem is dan lykwols dat ek byldbepalende, monumintale en oare bysûndere beammen omhakke wurde kinne.
De gemeente hat dêrom in list makke mei beammen dy't perfoarst stean bliuwe moatte. Fierder binne der algemiene regels opsteld oer it kapjen.