Wer in Stam foar Cambuur
Koen Stam (19) út Schagen wurdt de nije sintrale ferdigener fan Cambuur yn Ljouwert. Stam spilet yn jong-AZ en hat de hiele jeugd- oplieding yn Alkmaar trochrûn. Cambuur hiert him foar de rest fan it seizoen en dêrmei is de fakatuere foar Koen Brack wer opfold.
Cambuur hat ek besocht om spits Age Hains Boersma fan it Hearrenfean te hieren. Dat giet lykwols net troch; Boersma bliuwt by sc Hearrenfean.