Hearrenfean-Willem II: 5-0

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat yn de earste thúswedstriid fan it nije seizoen mei 5-0 wûn fan Willem II. Binnen twa minuten stienen de Feansters foar troch in goal fan Zuiverloon. Noch foar de rêst rûn Hearrenfean út nei 4-0, troch goals fan Alves (2 kear) en Nilsson. Op slach fan rêst kearde Vandenbussche in penalty fan Redan.
Yn de twadde helte sette Rob Friend mei syn earste kompetysjegoal de einstân fan 5-0 op it boerd.