Rioel himmelje yn Wymbrits

27 aug 2006 - 15:44

De gemeente Wymbritseradiel sil fan moandei ôf op sân plakken yn de gemeente rioelen ynspektearje en skjinmeitsje. In bedriuw út Wolvegea fiert dat út foar de gemeente.

It bedriuw sil mei in hegedrukspuit himmelje. Dêrtroch kin by guon huzen wat rioelwetter omheechkomme yn it húske. Dat is neffens de gemeente net in grut probleem. De ferwachting is dat it wurk in wike duorret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)