Partoer Minnesma wint yn Bitgum

© Omrop Fryslân
De finale fan de útnoegingspartij sneon yn Bitgum gong tusken it partoer fan Sibbele Lootsma, Herman Sprik, Gerrit Flisijn en it partoer fan Simon Minnesma, Kor Zittema en Auke van der Graaf.
Yn in spannende finale wûn it partoer fan Simon Minnesma op 5-4 en 6-6. De lytse preemje wie foar it partoer fan Jochum Bouma, Jacob Klaas Haitsma en Chris Wassenaar.