Nije cd fan MIR is út

It solo-album "Files from London" fan MIR leit fan no ôf yn de winkels. It ferskinen fan de cd hat langer duorre dan bedoeld, mar de sjongeres út Wergea is tige tefreden oer it resultaat, sa stiet te lêzen op har webside. MIR, Mirjam Timmer, is bekend wurden mei Twarres.
9 septimber treedt MIR op yn Ljouwert. By goed waar spilet se op in sylskip dat lizze sil oan de kade by de Harmonie.