WK seineharjen yn Surhuzum

De hear Huitema is sneon winner wurden fan it wrâldkampioenskip seineharjen yn Surhuzum. Dat wurdt dêr alle jierren organisearre mei de feestwike. Mei harhammer en harspit wurdt de seine slipe.
Dielnimmers en taskôgers komme út it hiele lân wei. Der diene tweintich minsken mei. En al rekket it meanen mei de seine der hieltyd mear út, de jongste dielnimmer wie 14 jier. Hy waard tredde.