Fonk ljept nij Nederlânsk rekord

27 aug 2006 - 12:11

Op it NK fierljeppen sneon yn Drylts is Alwin Fonk (15) fan Burgum by de jonges kampioen wurden. Hy sprong in nij Nederlânsk rekord fan 18,45 meter. It âlde rekord stie op namme fan Jarco Kijff mei in sprong fan 17,80 meter.

Bart Helmholt fan Hurdegaryp wûn by de senioaren mei 19,17 meter. By de junioaren wûn Jacco de Groot út Kamerik mei in sprong fan 18,88 meter. Wendy Helmes fan IJsselstein wûn by de froulju mei 15,07 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)