Supporters Willem II op 'e fyts

© Omrop Fryslân
Trije supporters fan fuotbalklub Willem II binne sneontemiddei mei de fyts oankommen op It Hearrenfean. Se bringe sneontejûn in besite oan de wedstriid SC Hearrenfean - Willem II. Ferline jier stie Willem II der min foar yn de kompetysje.
De supporters ha doe tasein dat se op de fyts nei It Hearrenfean soene, mocht Willem II net degradearje. De klub ûntsnapte oan degradaasje en dus moast der fytst wurde fanút Tilburch.