Asbestmjitters wol faker let

© Omrop Fryslân
It komt geregeld foar dat asbestmjitters by brannen yn Fryslân let binne. De Fryske brânwacht hat foar dy mjittings in kontrakt mei in bedriuw út Tilburch. Sy moatte binnen it oere nei de melding te plak wêze moatte. Dat slagget lang net altyd.
By de grutte brân yn it winkelsintrum Bilgaard duorre it ek folle langer as nedich foardat de mjittings dien wurde koene. Der sil no besjoen oft der dochs in oar bedriuw komme moat.