Wer winst Wim Stroetinga

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is op dit stuit hast net te ferslaan yn de hurdfytskriteariums. Freedtejûn wûn hy yn Gerkeskleaster-Strobos. Germ van der Burg fan Folsgeare moast yn de einsprint belies jaan. Achter dit twatal einige Bert Krans fan De Wylp op it tredde plak, Lieuwe Westra fan Mûnein waard fjirde. Foar Wim Stroetinga wie it al wer de 10e oerwinning fan it seizoen. Troch de winst op dizze earste dei fan de '12e Pompeblêd-twadaachse' begjint hy sneon yn De Harkema yn it giel.