Friezen omkommen yn België

26 aug 2006 - 15:17

By in slim ferkearsûngelok yn it Belgyske Lommel binne yn 'e nacht fan tongersdei op freed in Dronrypster en in Frjentsjerter om it libben kommen. De manlju wiene mei noch twa oaren ûnderweis nei in bungalowpark dêr't se staazje rûnen. In tredde ynsittende kaam ek om it libben. De fjirde leit yn it sikehûs.

Krekt oer de grins rekke har auto troch ûnbekende oarsaak fan de dyk. De wein botste dêrnei op in beam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)