Fokdagen Blauhús út ein set

26 aug 2006 - 15:08

De tradisjonele fokdagen yn Blauhús koene sneontemoarn njettsjinsteande it reinwetter fan de ôfrûne dagen, gewoan út ein sette. Foar de 55e kear waard de keuring hâlden op in fjild krekt bûten it doarp.

De organisaasje wie benaud dat it minne waar foar problemen soargje soe. Yn it súdwesten fan de provinsje is yn de ôfrûne wiken in soad reinwetter fallen, mar krekt yn Blauhús foel it eins wol ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)