Muze-posters weromfûn

26 aug 2006 - 13:12

De posters fan it toanielspektakel De Muze dy't begjin july weirekken, binne weromfûn. No docht bliken dat de posters besoarge wiene by Matt Cole yn it Gelderske Peltrum.

Dy hat fuortdaliks besocht om de posters fia de ôfstjoerder by de eigner te krijen, mar dat is net slagge. Nei syn fakânsje hat er it nûmer op de poster belle en sa koene de posters dochs by de organisaasje yn Minnertsgea besoarge wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)