'Oer twa wike al needwinkels'

25 aug 2006 - 17:35

Minsken yn de Ljouwerter wyk Bilgaard kinne mooglik binnen twa of trije wike wer yn har eigen wyk boadskipje. Dat seit Theo Copini fan de ûndernimmersferiening. In grut part fan de winkels yn Bilgaard gie ferlern by de grutte brân fan tongersdei.

Begjin takom wike wurdt in beslút ferwachte oer needfoarsjennings. Undernimmers wolle graach nei har saak ta, mar dat kin noch net fanwege it ûndersyk fan de technyske resjerzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)