Problemen troch needwaar

25 aug 2006 - 14:34

Needwaar hat tongersdei foar problemen soarge yn Fryslân. Yn Boalsert en Snits strûpten guon winkels ûnder. Yn Snits barde dat oan it Grootzand. Ek it gemeentehûs en it plysjeburo hiene in soad lêst fan it wetter.

Guon Snitser winkeliers sizze dat de gemeente de riolearing net op oarder hat. Neffens de gemeente is de measte oerlêst ûntstien trochdat de dakgoaten it wetter net mear oankoene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)