Asbest by pleatsebrân Eagmaryp

© Omrop Fryslân
By in brân yn in rinstâl by Eagmaryp is tongersdei asbest frijkommen. Alle kij yn de stâl koene op 'e tiid nei bûten. Der wie gjin gefaar foar de folkssûnens. De asbest bedarre op lân en hiem fan de boer. In spesjalisearre bedriuw sil besjen hoefolle oft der leit en sa nedich it guod oprêde.
Hoe't de brân ûntstean koe is net bekend. Bliksemynslach wie net oan de oarder.