Gjin blautonge yn Twellegea

25 aug 2006 - 10:29

Der is dochs gjin blautonge yn Twellegea. It ministearje fan Lânbou hat dat tongersdei bekendmakke. Der wie in fertocht, skieppebedriuw yn Twellegea, mar de útslach fan de testen fan dit bedriuw wie negatyf.

Earder dizze wike wie der ek sprake fan dat der blautonge opdûkt wie yn Tersoal. Neffens de NLTO binne der no gjin fertochte gefallen fan blautonge mear yn Fryslân. It ministearje fan lânbou befestiget dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)