Hamburger net nei WK-finale
Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat de finale fan it Wrâld Kampioenskip yn it Ingelske Eton net helle. Hy waard yn de heale finale fiifde. Om de finale fan de skiff-klasse te heljen moast Hamburger by de earste trije einigje.
Hamburger docht freed wol mei oan de B-finale. By winst yn de B-finale kin hy úteinlik sande wurden yn it einklassemint.