'Kij mishannele op feemerk'

24 aug 2006 - 13:54

Op de feemerken yn Ljouwert en Utrecht wurde kij slim mishannele. Dat seit de Stichting Dierenrecht Nederland. Dy hat ûndersyk dien nei de gong fan saken en sil oanjefte dwaan.

Neffens it Bûn foar Feehannelers giet it om fjouwer ynsidinten dêr't it bûn bekend mei is. As it kloppet dat der mear oan de hân is, dan sil de organisaasje fan de Ljouwerter feemerk yngripe, seit foarsitter Andries Kingma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)