Skip fart oer syljacht hinne

24 aug 2006 - 09:08

In syljacht mei in Ingelske famylje oan board is tiisdeitemiddei oerfearn troch in binnenfeartskip. It jacht sylde oer de fargeul op de Snitsermar. De skipper woe oerstach gean, mar syn roer reagearre net. De binnenfeart- skipper sette de motor fûl yn de achterút, mar syn skip fear it hierjachtje rjocht yn de side.

De seis Ingelsken binne mei de skrik frijkommen en opfongen op it binnenfeartskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)