F-16's helje fleantúch werom

© Omrop Fryslân
Twa F-16's fan de basis yn Ljouwert ha woansdeitemoarn in passazjiers- fleantúch fan Northwest Airlines werom begelaat nei Schiphol. Dêr hat de maresjaussee in tal persoanen út it fleantúch helle. Dizze minsken wurde heard.
Wêrom't de gesachfierder fan it tastel weromfleane woe nei Schiphol is net bekend. Hy wurdt ek ûnderfrege. De Ljouwerter F-16's hearre by de saneamde Quick Reaction Alert.