'Kasino bliuwt faaks by WTC'

24 aug 2006 - 09:04

Direkteur de Jong fan it WTC Expo yn Ljouwert hâldt der rekken mei dat it Holland Casino permanint dêr bliuwe sil. By it eardere FEC wurdt hurd wurke oan de ferbouwing dy't nedich is foar de komst fan it kasino. Yn desimber moatte de doarren iepen.

De festiging by it WTC is tydlik. Dat hawwe de minsken fan Holland Casino sels altyd sein. De Jong tinkt lykwols dat as it klikt, it kasino der wol bliuwe sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)