Debutanten ferrassend yn finale

24 aug 2006 - 08:37

Nei in spannende heale finale op de frouljus-PC hellen debutanten Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken de finale op it keatsfjild fan Weidum. Se fersloegen Afke Kuipers-en- dy mei 5-2 en 6-2. De partij helle it nivo fan de dei hielendal op. Op in stuit namen De Jong c.s. in foarsprong.

De finale giet tusken it favorite partoer fan Géjanne Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema en it debutantepartoer De Jong c.s.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)