Debutanten yn heale finale

Fan de alve debutanten op de frouljus- PC yn Weidum hawwe der trije de heale finale helle. Klaske de Jong, Sjoukje Visser (beide fan Ie) en Aukje van Kuiken út Kollumerpomp nimme it yn dy heale finale op tsjin Afke Kuipers, Anna-Lynn Wijbenga en Jindra ten Kate.
De Jong c.s. meitsje in konsintrearre en entûsjaste yndruk. It partoer fan Géjanne Buma giet mei in steand nûmer nei de finale. Sy binne de grutte kânshawwers.