Favoriten keatse tsjin inoar

© Omrop Fryslân
Twa favorite partoeren moatte yn de twadde omloop tsjin inoar op de Frouljus-PC yn Weidum. It giet om it partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeilstra. Sy ferlearen it fan Géjanne Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema mei 1-5 en 2-6.
Joostema c.s. fersloegen yn de earste omloop Rita de Valk, Rianne van Baarsen en Nynke van der Meij mei 0-5 en 2-6. Rita en Nynke wiene debutanten.