Net folle boetes aaisikers

Aaisiker mei pols yn it lân © Omrop Fryslân
De Fryske aaisikers hâlde harren dit jier goed oan de regels. Plysje en provinsje hawwe oant no ta amper boetes útdield. Beide ynstânsjes kontrolearje yntinsyf. Se sjogge oft aaisikers wol in aaisikerspas hawwe en oft se de aaien dy't se fine wol mei in smske oanmelde by it BFVW.
Dêrneist kontrolearje se oft de aaisikers yn de goede gebieten sykje. Yn fjouwer gefallen wie dat net sa. Dy minsken krigen in boete om't se yn in stik lân sochten dêr't dat net mei.