Thie foar ien kear Oerollieder

© Omrop Fryslân
Regisseur Jos Thie fan Wergea wurdt takom jier foar ien kear artistyk lieder fan it Oerol Festival op Skylge. Jierrenlang naam Joop Mulder de artistike lieding foar syn rekken. Jos Thie sil it no foar in jier fan him oernimme. Mulder kin dan yn dy tiid bykomme fan 25 jier Oerollieding.
Thie hat tsien jier foar teaterselskip Tryater wurke. Hy regissearre ek de Tryaterstikken dy't op Oerol spilen en koartlyn 'De Heeren van 't Veen'.