Frysk team rydt maratons

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske reedriders dogge kommend seizoen as team mei oan it maratonreedriden. It binne Bram Sikma fan Skarsterbrêge, Douwe Bierma fan Ljouwert, Pieter Albada fan Balk en Jelle Johan Hoomans fan it Hearrenfean. Harren trainer is Lieuwe de Boer fan Oerterp.
Fanôf it kommende winterseizoen is it foar maratonriders net mear mooglik om yndividueel te starten. Yn de A-klasse dogge allinne kommersjele teams mei.