Betizing oer ferfiersferbod fee

23 aug 2006 - 10:30

Der wie tiisdeitemoarn betizing oer de fraach oft der no al of net in ferfiersferbod yn Noard-Nederlân jildt foar kij, geiten en skiep. Dat nei oanlieding fan berjochtjouwing yn it lanlike nijs, dat ek yn Nederlân in ferfiersferbod ynsteld is troch it ministearje fan LNV.

In wurdfierder fan LNV lit witte dat der allinnich in eksportferbod fan krêft is. De skieppemerk yn Ljouwert is dan ek gewoan trochgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)