Tsjûgen frachtweinbrân socht

22 aug 2006 - 20:59

De plysje siket tsjûgen fan in brân yn in frachtwein by It Hearrenfean. De brân wie tiisdeitemoarn ier op it parkearterrein fan VV Hearrenfean by Skoatterwâld.

It giet om it foarste diel fan in frachtwein, de trekker. Dy is ein july stellen yn Veenendaal. De oplizzer is stean bleaun. De trekker is de nachts op it parkearterrein by It Hearrenfean delset en dernei útbaarnd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)