Learzenspaad iepene

© Omrop Fryslân
By Twizel is in 'learzenspaad' iepene. It primitive paad fan de gemeente Achtkarspelen en Steatsboskbehear is in rûte dwers troch de greiden hinne. Learzens binne dan ek needsaaklik. It Learzenspaad leit yn in beskermd gebiet en giet ûnder oaren by in pingo del, in oerbliuwsel út de iistiid.
Op 1 septimber binne der twa kuiertochten. Middeis is de ekskurzje foar bern en jûns is der in skimerkuiertocht.