Media Art Festival yn Amicitia

© Omrop Fryslân
De dagen fan it 'meast ûnsjogge' gebou fan Ljouwert binne teld. Amicitia op de hoeke fan 'e Wurdumerdyk en de Nijewei is fan 13 septimber ôf toaniel foar it tsiende Media Art Festival Friesland. Dan is it gebou foar it lêst yn âlde steat te sjen.
Nei it festival komme der keapappartementen mei in parkeargaraazje yn. Op it festival binne films, fideo's en eksposysjes te sjen. Ek binne der jonge keunstners.