Trottoirkolken ferstoppe

22 aug 2006 - 16:05

De trottoirkolken yn 'e gemeente Achtkarspelen binne ferstoppe. Dat komt trochdat der hieltyd mear smoargens weismiten wurdt. It wetter kin no net goed mear yn it rioel komme mei as gefolch wetterplassen op 'e dyk.

Gemeentemeiwurkers binne drok oan it ûntstopjen. De gemeente ropt op gjin fleskes en blikjes mear slingerje te litten. Ek moatte pûdsjes hûnestront thús yn de kontener dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)