Wurk oan rioel Wergea stillein

22 aug 2006 - 15:19

Yn Wergea binne wurksemheden oan de dyk stillein. Oan de Marren en de Terp soe nije riolearing oanlein wurde. It oannimmersbedriuw is moandei mei de wurksemheden begûn. Letter dy dei belle de gemeente Boarnsterhim dat der fuortendalik ophâlden wurde moast mei it wurk.

De gemeente wol net sizze wat dêrfan de reden is. De oannimmer seit soks noch nea earder meimakke te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)